Smookferbod fan de baan

It brângefaar yn de bosken is foarby.
Je meie fan sneon ôf wer smoke yn de bosken en de natoergebieten yn de gemeente Weststellingwerf. De grutte droechte is foarby, no't it in pear kear flink reind hat. De kommende dagen wurdt der ek noch in soad reinwetter ferwachte. It brângefaar is dêrtroch sa goed as fuort.
Wol bliuwt it ferbean om yn de iepen loft fjoer te meitsjen.