Slachfjild ûnder rôffûgels

In soad nêsten fan rôffûgels fernield
Yn Mid-Fryslân hat dizze maitiid in slachting plakfûn ûnder jonge rôffûgels. Der binne wol 35 nêsten fernield. De plysje fertinkt greidefûgelbeskermers dy´t op in opfallend organisearre wize oan it wurk west ha. Se bringe bygelyks ek goed yn kaart wêr´t rôffûgels sitte foardat se yn aksje komme. De plysje besiket mei foarljochting foar te kommen dat rôffûgels sa oanpakt wurde.
It moderne buorkjen docht úteinlik folle mear skea oan de greidefûgels.