Nije kursussen by de NHL

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, de NHL, begjint fan ´t simmer mei spesjale byspikerkursussen foar oankommende HBO´ers. Guon nije studinten beskikke net oer genôch kennis om oan harren stúzje begjinne te kinnen. Yn de simmerfakânsje kinne sy op de NHL les krije yn Nederlânsk, Ingelsk, wiskunde, ICT en presintearjen.
Oan it begjin fan de byspikerkursus wurdt sjoen hokker lessen de dielnimmers nedich ha.