Nije spiler foar Hearrenfean

12 jun 2008 - 11:16

Sportclub Hearrenfean hat in Masedoanyske spiler oanlutsen. It giet om Goran_Popov. De 23-jierrige ferdigener komt oer fan de Grykske club Levadiakos. Dy club einige it ôfrûne seizoen as 11e yn de kompetysje. Popov kaam oant no ta 17 kear út foar it Masedoanyske nasjonale team.

De 1.88 meter lange Popov kin op meardere plakken yn de ferdigening út de fuotten. Hy hat in kontrakt foar fjouwer jier tekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)