Bom útskeakele by Makkum

By Makkum is in bom ûnskealik makke
Ien fan de twa fleantúchbommen dy´t fûn binne by it Van_Panhuyskanaal by Makkum is ûnskealik makke. It gie om in reekbom dy´t de fleantugen brûkten foar it markearjen fan doelen. De oare bom leit yn de dyk en is ûnderwilens bleatlein. Eksperts besjogge op dit stuit om hokker bom it giet en hoe´t dy it bêste oprêden wurde kin.
As it gefaarte ûntploft, rint it wetter út it kanaal yn de âlde mar. De bommen waarden fûn by baggerwurk yn it kanaal.