Mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdeitemiddei in 38-jierrige Ljouwerter oppakt foar mishanneling. Hy soe in 28-jierrige plakgenoat yn elkoar slein ha. Dy man wie mei ferwûnings oan it gesicht in snackbar oan de Foarstreek ynrûn. Hy rekke dêr bûten westen. In meiwurkster warskôge de helptsjinsten.
It slachtoffer waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje koe de fertochte troch oanwizings fan in tsjûge oanhâlde. Hy sit noch fêst.