Aksje op sneldyk A7

Gjin blokkades, wol stadich ride
Frachtweinsjauffeurs sille tongersdeitemiddei in heal oere lang 50 km ride op de sneldyk A7 tusken It_Hearrenfean en Drachten. Se wolle sa protestearje tsjin de de hege brânstofprizen. Mei-inoar sil yn Nederlân ûnder it motto ´de maat is vol´ op achttjin plakken stadich riden wurde. De brânzje-organisaasjes binne benammen lulk oer it feit dat it Kabinet de aksyns mei yngong fan 1 july ferheegje wol.