Sjauffeurs moatte wer wurkje

11 jun 2008 - 18:01

De bussjauffeurs moatte wer oan it wurk. De rjochter yn Grins hat tiisdei de stakings foar in wichtich part ferbean. Yn ´e spitsoeren moat wer riden wurde, oars folgje hege boetes. Der moat wer riden wurde tusken 7 en 9 oere moarns en middeis tusken 4 en 7. Der wurdt ek wer stimpele.

De rjochter sette in rem op de aksjes, omdat in soad minsken lest hawwe fan ´e stakings. Sjauffeurs dy´t net ride, sette har baan op it spul. De fakbûnen krije dan 10.000 euro boete.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)