Lytse talenetwurk NPLD los

It NPLD-logo
Yn Brussel is woansdei it nije Network to Promote Linguistic Diversity NPLD offisjeel fan start gien. De provinsje Fryslân is foar 30.000 euro jiers lid fan dizze nije organisaasje dy't opkomme sil foar de minderheidstalen en de lytsere steatstalen fan Europa.
It doel is om de minderheidstalen mear gearwurkje te litten. Kennissintrum Mercator út Ljouwert presintearre yn Brussel it projekt EduFrysk. De multimediale taalkursus soe mooglik ek oare talen oanbiede kinne.