Balkestein nei Ipswich Town

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Pim_Balkestein giet nei de Ingelske club Ipswich_Town. De ferdigener (21) komt by Hearrenfean net oan fuotbaljen ta en mocht útsjen nei in oare club. Balkestein spile benammen by de beloften en hy spile nea in kompetysjewedstriid yn it earste alvetal.
By Ipswich_Town hat Balkestein staazje rûn. Dat foldie sa bêst dat er moandei in kontrakt tekenet. Ipswich_Town spilet no yn de Ingelske earste divyzje.