Nije opset foar VVV-winkels

11 jun 2008 - 11:02

De VVV-winkels yn Fryslân krije in nije opset. Dat hawwe de provinsje en de Fryske gemeenten tiisdei besletten. De regionale VVV´s wurde opwurdearre en sille de lokale winkels by pleatslike ûndernimmers oanstjoere.

Dêrboppe komt in kennissintrum, dat it belied foar de promoasje fan Fryslân betinke sil. Deputearre Jannewietske_de-Vries is optimistysk oer de takomst fan ´e VVV´s yn de nije opset. Der is de ôfrûne jierren in soad praat oer hoe´t it fierder moast.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)