Provinsje helpt sinneboatrace

11 jun 2008 - 10:58

As it net slagget om genôch sponsors te finen foar de Alvestêdetocht mei sinneboaten, dan draait de provinsje foar de skea op. De provinsje hat in oerbrêgingskredyt beskikber steld fan 150.000 euro. De organisaasje rekkene op in flinke bydrage fan enerzjybedriuw Eneco, mar dit bedriuw jout minder jild as tocht.

Yntusken wurdt wurke oan it finen fan nije sponsors. De organisaasje fan ´e sinneboatrace ferwachtet dat it kredyt fan ´e provinsje net brûkt wurde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)