Dakleaze pleaget Dokkumers

11 jun 2008 - 10:32

In 46-jierrige dakleaze man hat tiisdei yn de Heechstrjitte yn Dokkum ferskate minsken lestichfallen. De man flokte en skold en bedrige minsken mei de dea. Mooglik wie de man yn ´e war. Hy is oanhâlden troch de plysje en oerbrocht nei it buro.

Ek fûnen plysjeminsken noch in flesse drank, dy´t er mooglik earder stellen hie by in supermerk. De man sit nei oerlis mei it Iepenbier Ministearje fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)