Omrop komt mei simmerferske

10 jun 2008 - 16:51

Sin, Sin, Sinne is it ferske fan de kampanje ´Simmer yn Fryslân´ fan Omrop Fryslân. It wurdt songen troch Judith_Fledderus (17) út Ljouwert. Se die ûnder oare mei oan it Frysktalich sjongfestival ´Sjong!´, foar jongerein fan 12 oant 18 jier. Se waard twadde mei it ferske ´Wy hearre by elkoar´.

Sin Sin Sinne giet, sa´t de titel al seit, oer de sinne. Dy spilet fansels in belangrike rol by in moaie simmer. It ferske is makke troch Jan Durk de Haan en Martijn_Engbrenghof.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)