EVT fart noch net mei Oerol
De EVT, de Eigen Veerdienst Terschelling, sil nei alle gedachten pas oer in pear wike begjinne mei de feartsjinst tusken Harns en Skylge. Se rêde it net op om mei Oerol al minsken te ferfieren. Dat seit Arjen_Haantjes fan de EVT.
De EVT kin op dit stuit noch net mei oerfarren begjinne. Dat komt omdat noch net alle fergunnings klear binne. Woansdei docht de rjochtbank útspraak yn in saak oer it oanlisplak foar de boat fan ´e EVT.