Lânskipsargewaasjes melde

© Omrop Fryslân
Der komt in argewaasje-top-trije fan it Fryske lânskip. De Fryske Miljeufederaasje iepent dêrfoar yn septimber in meldpunt. Dêr kinne minsken dan saken melde, dy ´t in lânskip bedjerre.
Je kinne dan bygelyks tinke oan bedriuweterreinen of útwreidings fan doarpen. Ek wurdt sjoen hoe ´t it sa misgean koe. De bedoeling is dat de polityk dêrfan leart. Der komt nei de simmer noch in aparte webside dêr ´t minsken misstannen melde kinne.