Bussjauffeurs nei koart pleit

De sjauffeurs wolle noch net oan it wurk
Sa´n 250 oant 300 bussjauffeurs binne ôfkaam op it koart pleit dat tiisdeitemiddei yn Grins tsjinnet oer de busstakings. De noardlike provinsjes en reizgersferiening Rover besykje troch de rjochter de bussen wer ride te litten yn ´e spits. Sjauffeurs fan Arriva en Connexxion ride al 10 dagen hielendal net mear.
De bussjauffeurs sjogge de útspraak fan ´e rjochter mei fertrouwen yn ´e mjitte. Neffens har hâlde se har by de staking oan de regels.