AID hat fertinkings fan fraude

10 jun 2008 - 13:22

De Algemene_Inspectiedienst hat ferline wike in bistedokter, in feehanneler en twa eigners fan in slachthús út Noard-Nederlân oanholden op fertinking fan fraude. It ûndersyk is dien nei oanlieding fan oanwizings dat fee net op de goede wize oanlevere is by it slachthús. Alle fertochten binne ûnderwilens alwer frijlitten.

De AID wol fierder net op de saak yngean. Neffens in wurdfierder fan de AID giet it by it slachthús net om it bedriuw Friesland_Vlees út Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)