Fergoeding foar kappers-ekseem

© Omrop Fryslân
In Fryske kapsalon moat fan ´e kantonrjochter yn Ljouwert in skeafergoeding betelje oan in eardere wurknimster. Wendy_Postma moast yn 2001 har wurk as kapster opjaan, omdat se troch har wurk klachten krige.
De kantonrjochter yn Ljouwert fynt dat de wurkjouwer net genôch maatregels naam hat om de allergyske klachten foar te kommen. It is noch neat earder bard dat in wurkjouwer oanspraaklik steld wurdt foar klachten fan kappers-ekseem.