De Lemmer: auto´s iepenbrutsen

10 jun 2008 - 11:14

Op ´e Lemmer is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen yn njoggen auto´s dy´t parkeard stiene yn de C. de Vriesstrjitte en de Wiepke Hofstrjitte. By guon auto´s waard de autoradio stellen.

In buertbewenner hearde om in oere of trije glês rinkeljen en seach in man fuortrinnen. De plysje hat noch mei in plysjehûn socht nei de man, mar dy wie al fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)