Bijlsma kin Slachte net drave

10 jun 2008 - 10:46

Hurdrinster Mirjam_Bijlsma docht net mei oan de Slachtemaraton. De winneres fan fjouwer jier lyn wie ek dit jier de grutte favoryt foar de einoerwinning. Bijlsma hat twa brutsen ribben. Se is freed by in syltocht fallen op ´e râne fan har boat.

Bijlsma is al de twadde favoryt dy´t ôfseit mei in blessuere. Earder al hat twafâldich winner by de manlju Gerrit Kramer ôfsein. Hy hat in blessuere oan ´e haksine, oftewol de achillespees.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)