Húslik geweld skokt It Amelân

10 jun 2008 - 09:39

De gemeente It_Amelân is bot skrokken fan de sifers fan helporganisaasje Fier_Fryslân oer húslik geweld. Dêr docht út bliken dat dit op ´e Fryske Waadeilannen faker foarkomt as op ´e fêste wâl. Op ´e eilannen soe 14 prosint fan de húshâldens geweld brûke tsjin 9 prosint op ´e wâl.

Wethâlder Oud fan It_Amelân is foarearst noch net oerstjûge fan de sifers. Neffens Oud is noch net dúdlik hokker sifers fan tapassing binne op It_Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)