Busstakings geane gewoan troch

09 jun 2008 - 12:05

De stakings yn it busferfier geane troch oant der in nije CAO is. De fakbûnen sjogge neat yn de oprop fan wurkjouwers om der tydlik mei op te hâlden. De busmaatskippijen hiene de bûnen frege de aksjes út te stellen nei it advys fan Earste Keamerlid Klaas de Vries.

De PvdA'er hat grutte krityk op de besunigings fan 'e oerheid. Busmaatskippijen krije folle minder jild fan it ryk, wylst de brânstofprizen foars omheech geane.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)