40.000 euro ophelle foar bus

09 jun 2008 - 12:00

Der is sa´n 40.000 euro ophelle foar in oanpaste bus foar Tom_Philips (5) fan It Hearrenfean. It jonkje hat de seldsume stofwikselingssykte Jansky Bielschowsky. Syn libbensferwachting is 15 jier. Om ´t er hast gjin rjocht hat op finansjele regelings, is de stifting Tom on the Move oprjochte. Dy hat yn maart benefytdiners organisearre om jild yn te sammeljen.

Der is no genôch jild om de bus te keapjen. Yn septimber krijt de famylje Philips de bus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)