Heit ferwûne by rêden soan

09 jun 2008 - 10:44

In man (48) út Gerkeskleaster is sneontejûn by Oudleusen yn Oerisel ferwûne rekke doe't er syn soantsje út de rivier de Vecht rêde woe. It jonkje (6) wie mei syn fyts yn it wetter rekke. De heit sprong him achternei, mar klapte mei beide fuotten op in betonnen drompel.

In tsjûge seach de twa yn it wetter driuwen en sprong op syn beurt yn it wetter om se te rêden. De heit is mei ferwûnings oan de skonken oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)