Man is rydbewiis kwyt om drank

09 jun 2008 - 10:40

In man (51) is moandeitemoarn betiid oanhâlden om ´t er mei te folle drank op achter it stjoer tsjin fjouwer auto´s oanriden wie. Dy wiene parkeard oan ´e Jan_Rikkesstrjitte yn Twizel.

De eigner fan ien fan ´e weinen seach hoe´t syn auto ramd waard en skreau it kenteken op. Oant yn Surhuzum koe er sels it oaljespoar folgje dat de man op de dyk achterliet. De plysje hat de man yn syn wenning oanhâlden. Syn rydbewiis is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)