Eigner hâldt boatedief tsjin

09 jun 2008 - 10:36

Nei in achterfolging op it wetter hat in wettersporter sneintemiddei yn de Prinsetún yn Ljouwert foarkomme kind dat har boat stellen waard. De eigners fan ´e boat wiene even oan de wâl om in iisko te iten. Se seagen dat ien oan board fan har boat sprong en fuortfear. De froulike eigner (33) fan Snits sette mei in oare boat de achterfolging yn.

Efkes letter koe se oan board fan har eigen boat springe en de dief twinge de boat nei de wâl te stjoeren. De dief (26) is oanhâlden troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)