25 auto's yn Burgum bekrast

09 jun 2008 - 10:21

Al 25 autobesitters út Burgum hawwe harren by de plysje meld omdat harren auto bekrast is. Yn de nacht fan sneon op snein binne op ferskate plakken yn it doarp auto´s skansearre mei in skerp ding.

De plysje tinkt dat der noch mear auto's bekrast binne en freget de eigners sa gau mooglik oanjefte te dwaan. Ek siket de plysje tsjûgen fan 'e fernieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)