'Stellen' ko werom fûn yn tún

09 jun 2008 - 10:17

De pearse ko dy´t dit wykein stellen is fan it Frijheidsplein yn Ljouwert, is oan de oare kant fan ´e stêd weromfûn. De organisaasje fan it Frysk Festival hie op trije plakken yn ´e stêd libbensgrutte pearse kij delset om de oandacht foar it festival te lûken, mar ien fan de bisten waard al nei twa dagen stellen.

In bewenner fan de Essenstrjitte fûn de ko moandeitemoarn yn ´e tún. De ko wurdt yn de rin fan ´e dei werombrocht nei it Frijheidsplein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)