Bern ynsletten op sânbank

Seis bern sieten fêst op in sânbank
In groepke bern is sneontemiddei troch de rêdingboat fan Skier fan in sânbank helle. De tsien bern út Ljouwert wiene moarns al de sânbank oprûn, mar waarden ynsletten troch it opkommende wetter. Oare bern dy´t op ´e wâl stiene, bellen de plysje.
De bern hiene de warskôgingsbuorden op it strân wol lêzen, mar mienden dat it wol wat tafoel mei it gefaar. De bemanning fan de Edzard_Jacob hat de bern oerdroegen oan de plysje, dy hat se noch even strang tasprutsen.