Jan Boonstra wint Boereloop

08 jun 2008 - 13:45

Jan Boonstra fan Snits hat sneon de Boereloop yn Abbegea wûn. Hy kaam nei tsien kilometer as earste oer de streek yn in tiid fan 36 minuten en 53 sekonden. Harmen Jorritsma fan De Jouwer kaam op 19 tellen as twadde binnen.

Tred waard Bob van der Weg fan Ousterhaule. Maaike Hornstra fan Jellum wûn it by de froulju yn in tiid fan 42,12. Op ien minút en sân sekonden waard Bettie Agricola twadde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)