Frou (45) rydt mei drank op

© Omrop Fryslân
In ynwenster (45) fan Aldeboarn is sneontejûn yn De Knipe oanhâlden troch de plysje. Se hie earder op de Meyerwei yn dat plak in fytsster fan de sokken riden. Dy rekke dêrby ferwûne.
Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat de frou fierstente folle dronken hie. Boppedat hie se op de achterbank fan de auto fjouwer bern sitten. Ek dat is net tastien. Se moast har rydbewiis ynleverje en krige in proses-ferbaal mei nei hûs.