Plysje nimt frou sabel ôf

08 jun 2008 - 13:07

De plysje hat sneontenacht yn Drachten in 44-jierrige ynwenster fan it doarp oanhâlden om't se op strjitte omrûn mei in sabel. De frou hie it wapen earder kocht op 'e rommelmerk. Se hie der net by stilstien dat it ferbean is om yn it iepenbier mei in sabel om te rinnen.

Se hat net lang fan har oankeap genietsje kinnen, want it wapen is ynnaam troch de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)