Friesland wint Midsimmercup

© Omrop Fryslân
De sealfuotballers fan Friesland ha sneontejûn yn Dronryp de Midsimmercup wûn. Yn de finale wiene de Ljouwerters mei 4-2 te sterk foar CSL. By de froulju gong de oerwinning nei Be_Quick_Dokkum.
Se hiene yn de finale gjin inkeld probleem mei de froulju fan AVC: it waard 4-0. It wie de fyfde edysje fan dit simmertoernoai. Ta gelegenheid fan dit lustrum joech de organisaasje twa euro it makke doelpunt foar ´Spieren voor Spieren´. Dat levere 1100 euro op.