Bou Bonifatiuspark út ein set

08 jun 2008 - 12:51

De bou fan de earste huzen op it terrein fan it eardere Bonifatiussikehûs yn Ljouwert is freed offisjeel út ein set. It giet om 21 saneamde parkfilla's en 36 terpwenten. Letter moatte der nochris in goede 200 wenten en apparteminten bykomme.

Der is in soad belangstelling foar de nijbouwenten om't se ticht by it sintrum fan de stêd lizze. De earste wenten moatte yn april fan takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)