Fermiste man noch net fûn

08 jun 2008 - 11:55

Dûkers hawwe oant sneontejûn let yn it PM-kanaal tusken Grou en Warten socht nei it lichem fan in 42-jierrige man út Jellum. De man is noch hieltyd net fûn.

Hy wie freedtenacht mei fiif oaren yn it wetter rekke neidat harren speedboat yn oanfarring kaam wie mei in binnenfeartskip. De fiif rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs. De man út Jellum waard net mear oantroffen. Snein wurdt fierder socht nei it lichem. Der wurdt earst drêge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)