Jongereinstjoerder lansearre

08 jun 2008 - 11:51

De nije digitale jongereinstjoerder Froeks TV wurdt no tongersdei offisjeel lansearre. De Fryske fariant fan YouTube rjochtet him op jongeren yn Fryslân en Fryske jongeren bûten de provinsje.

De redaksje fan de stjoerder bestiet foar it grutste part út jongeren en rûnom yn de provinsje binne fideoteams aktyf foar Froeks TV. De stjoerder sil ek online wedstriden hâlde, lykas in Fryske modelle-wedstryd. Froeks wurdt finansierd mei stipe fan de provinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)