Oanhâldings nei skopperij

07 jun 2008 - 14:14

De plysje hat fannacht om 3 oere hinne fjouwer Ljouwerters oppakt. It giet om twa 18-jierrige jonges, ien fan 16 en ien fan 17 jier. Se soene op it Beursplein in 22-jierrige plakgenoat sûnder oanlieding skopt en slein ha.

Doe't de plysje der oankaam naaiden de jonges út. Nei in koarte achterfolging koene se oppakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)