Frou botst op parkearboom

07 jun 2008 - 14:12

In 73-jierrige frou fan De Jouwer is freed op It Hearrenfean tsjin in sletten parkearboom fan it sikehús botst. De frou soe it terrein ôfride en waard nei alle gedachten net goed. Dêrtroch trape se ynienen it gaspedaal yn. Har auto skeat troch de tichte slachboom. De frou knalde dêrnei tsjin in skeakelkast en in peal fan in befeiligingskamera.

De bestjoerster is noch ûndersocht yn it sikehûs, mar hoegde dêr net te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)