Pranjic tsjin Eastenryk

Pranjic yn basis Kroaasje
Danijel Pranjic begjint yn 'e basis fan Kroaasje yn harren earste wedstriid tsjin gastlân Eastenryk. Pranjic spilet net op syn favorite posysje as oanfallende middenfjilder, mar links achteryn.
De middenfjilder dy't noch oant 2012 by SC Hearrenfean ûnder kontrakt stiet, makke yn de lêste trije oefenduels fan Kroaasje fêst ûnderdiel út fan de ploech fan bûnscoach Slaven Bilic.