Bussen op reade disel

07 jun 2008 - 13:22

It is neffens deputearre Adema in goed idee om streekbussen op reade disel ride te litten. It soe ien fan de oplossings wêze om út it CAO-konflikt te kommen. De reade disel is in idee fan PvdA-senator Klaas de Vries, dy't de problemen yn it streekferfier ûndersocht.

De Vries ferwachtet dat de oerheid de rezjy nimt om út it konflikt te kommen. Steatssekretaris Tineke Huizinga fan ferkear hat al sein dat se neat dwaan sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)