Viando-personiel wol dúdlikens

De meiwurkers fan Viando yn Feanwâlden wolle dúdlikens ha oer de takomst fan it hûne- en kattefrettenfabryk. Der hat freed in petear west mei de direksje fan it bedriuw, mar dat hat neat opsmiten.
Viando yn Feanwâlden hat dizze wike de 60 meiwurkers nei hûs tastjoerd, omdat it bedriuw yn finansjele problemen sit. De direksje seit dat fan sneintejûn ôf it fabryk wer draaie sil, mar de meiwurkers hawwe dêr net alle fertrouwen yn.