Eigen weblog 'De Tún' on-line

'De Tún' fan radioprogramma Buro de Vries hat in eigen weblog. Yn it weblog wurdt beskreaun wat de Ljouwerter folkstúnkers en ek de túnkers fan Buro de Vries allegearre meimeitsje. Yn it weblog steane ek in soad foto's fan tún en túnkers.
Reaksjes, foto's en ek fragen binne fan herte wolkom op it weblog. 'De Tún' is in fêst ûnderdiel fan Buro de Vries, it radioprogramma dat alle sneinen útstjoerd wurdt fan 11.00 oere moarns oant 13.00 oere middeis.