Fûllearaksje plysje op Weaze

Weaze tongersdei dekor fan plysjeaksje
Foar it earst is it previntyf fûllearen op wapens yn de Ljouwerter binnenstêd kombinearre mei in ynfal yn in kofjeshop. Dêr waarden yn dit gefal ek wapens ferwachte, mar net oantroffen.
It barde tongersdeitejûn op de Weaze. De plysje wie hjir mei in soad minsken aktyf. Der waarden ûnder oare in pear messen yn beslach nommen. De eigner fan 'e kofjeshop wie neffens de plysje goed te sprekken oer de fûllearaksje, omdat soks goed is foar de feilichheid.