500 miljoen foar haven Harns

05 jun 2008 - 23:03

Der wurdt in heal miljard euro ynvestearre yn 'e haven fan Harns. Dy ynvestearrings sille liede ta hûnderten nije banen. In grut part fan de ynvestearring is foar rekken fan Omrin: 140 miljoen euro. Der binne hieltyd mear oare bedriuwen dy't harren ek melde foar in plakje yn de haven.

Neffens Murk de Jong, direkteur fan Harlingen Seaport, komt dit troch de geunstige ekonomyskse ûntwikkelings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)