Havendagen Harns iepene

It Noarske sylskip Sørlandet komt oan
Mei it hisen fan de flage binne tongersdei de Fryske_Havendagen yn Harns iepene. Boargemaster Scheffer en foarsitter Gerrit_Ybema lutsen tegearre de flage omheech. In stikje Skylger sfear yn de foarm fan in kroade mei sân waard oerbrocht troch Joop_Mulder fan Oerol. Dat sân wurdt brûkt by de oanlis fan in strân oan de haven dat in poadium foarmje sil.
Ien fan de attraksjes is it Noarske sylskip dat justermiddei yn Harns oankommen is.