Marcel Beima gjin lieder mear

05 jun 2008 - 21:44

Marcel_Beima hat mar ien dei yn de liederstrui yn de Volta_a_Lleida riden. Tongersdei yn in berchetappe kaam de ynwenner fan Hurdegaryp as 14e oer de einstreek. Nei 147 kilometer hie hy in achterstân fan krapoan fiif minuten op de Spaanske winner Sergi_Escobar. Lars_Boom, ploechmaat fan Beima, waard tredde op 1.16 fan de winner.

Marcel_Beima sakke yn dizze etappekoers yn Spanje nei it 13e plak. Sergi_Escobar is de nije lieder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)