Lia Dekker nei EK swimmen
De 20-jierrige Lia_Dekker fan swimclub DZ&PC fan Drachten mei dit jier nei de Europeeske Kampioenskippen swimmen yn Kroaasje. Se hat tongersdei by it iepen Nederlânsk Kampioenskip swimmen yn Eindhoven op de 100 meter rêchslach de limyt helle.
Mei in tiid fan 1.10.46 swom se net allinnich de limyt, mar ek in Frysk rekord.