Buert yn aksje tsjin útsetting

Ferhuzers helje it hûs leech
Buertbewenners fan de Esseweg yn Drachten protestearren tongersdei tsjin de útsetting fan in buertgenoate. In erfeniskonflikt hat derta laat dat Hillie Scholten tongersdei út har hûs moast.
De buert fynt dat in grut ûnrjocht, om't frou Scholten twa jier lang har sike heit fersoarge hat, foardat dy stoar. Frou Scholten wol graach yn it âlderlik hûs bliuwe, mar har broer en suster makken dat ûnmooglik.