Twa jier yn grutte drugssaak

De man hat hannele yn kokaine en speed
De earste fertochte yn de grutte drugssaak yn noardeast Fryslân hat in selstraf krigen fan twa jier, wêrfan acht moanne ûnder betingst. Dat hat de rjochtbank yn Ljouwert tongersdei bepaald.
De straf is itselde as de eask fan twa wiken lyn. De 38-jierrige man út Kollumersweach hat in jier lang hannele yn de harddrugs, kokaine en speed. De man hat yn ferhâlding in hegere straf krigen, omdat hy ek harddrugs oan minderjierrigen joech.